Oer ús
De Ried fan de Fryske Beweging (RfdFB) is de belange-organisaasje foar minsken dy’t wiis binne mei Fryslân en har ynsette foar romte foar it Frysk en de Fryske kultuer. De Ried is in ûnôfhinklike frijwilligersorganisaasje.
- De Ried fan de Fryske Beweging is in stifting, dêr’t in stikmannich organisaasjes en goed 500 stipers (donateurs) by oansletten binne.
- De Ried wurket mei in Deistich Bestjoer en sa’n 10 wurkgroepen fan riedsleden en frijwillige meiwurkers. Alle kommisjes beoarderje selsstannich in beskate taak. De nammen fan de kommisjes sizze faaks genôch oer wêr’t se mei dwaande binne. Foar in part strike ús aktiviteiten mei it belied en de doelstellings fan de Provinsje Fryslân; faak binne se dêr ek in oanfolling op.
- Dêrnjonken is de Ried mei-organisator fan de Fryske Reklamepriis en rikt hja ien kear yn ‘t jier de Fear yn ‘e Broek út. De Ried is eigner fan in Frysk Selskipsspul mei de namme Euregua (www.euregua.com). Ek hat de Ried it projekt www.goedfrysk.nl opsetten foar minsken dy’t it lestich fine om Frysk te skriuwen. De Fryske Beweging jout trije kear yn it jier in nijsblêd út.
- Binne jo ek wiis mei Fryslân en wolle jo dêrom stiper wurde fan de Ried fan de Fryske Beweging? Dan kinne jo jo oanmelde troch it briefke ûnder it knopke ‘stiper wurde’ yn te foljen. Jo krije dan trije kear yn ‘t jier ús bewegingsblêd ‘Swingel’ en kinne dan meiprate oer aksjes yn it belang fan Fryslân en it Frysk.
Wolle jo de nijsbrief fan de Ried fan de Fryske Beweging ûntfange? Stjoer dan in e-post nei ynfo@fryskebeweging.nl
De Ried fan de Fryske Beweging is oanwezen as in AMBI ynstelling. Sjoch foar mear ynformaasje op www.ambi.nl










