“Taalminderheden moatte de hannen gearslaan”

jannewaris 12, 2015 18:34

De provinsje Fryslân hat jierrenlang stribbe nei sizzenskip oer de Fryske lessen op skoalle. Lang om let hat it Ryk de provinsje dy sizzenskip jûn en noch kin it Ryk nee sizze tsjin provinsjale plannen. Faaks hie it flugger gien en yngripender west as de Europeeske Uny wat druk op De Haach útoefene hie. Of as Brussel útsprekke soe dat minderheden it bêst harren eigen ûnderwiis organisearje kinne of net twongen wurde moatte om te assimilearjen oan de taalmearderheid yn in lân. Mar Brussel bemuoit him net sa yntinsyf mei de soargen fan minsken dy’t in oare taal of kultuer hawwe as de measte lânslju.

Gearwurking

De Europeeske Uny moat taalminderheden en kulturele minderheden dan ek better beskermje tsjin de mearderheid, is it betinken fan de organisaasje FUEN út Flensburch yn Dútslân. En om de Europeeske politisy sa fier te krijen moatte organisaasjes dy’t opkomme foar minderheden neffens FUEN mear mei-inoar oparbeidzje. FUEN komt op foar de belangen fan minderheden yn 32 lannen. De Ried fan de Fryske Beweging makket diel út fan FUEN en de Friezen hearre fansels by de groep dêr’t FUEN de belangen fan ferdigenet.

Om mear gewicht yn ‘e skaal te lizzen wol FUEN graach yn ‘e mande mei de organisaasje NPLD by de Brusselske politisy lobbye. NPLD is ek in ynternasjonale organisaasje dy’t opkomt foar minderheden. De Fryske deputearre Jannewietske de Vries is de foarsitter fan de organisaasje. Fice-foarsitter Loránt Vincze en syn adviseur Frank de Boer wiene ôfrûne wike yn Fryslân om mei frou De Vries en har adviseur Alex Riemersma oer gearwurking te praten.

Nije Europeeske subsydzjes

Foarsitter Vincze, in Roemeen mei it Hongaarsk as memmetaal, seit: “Der is koartlyn in nije Europeeske Kommisje ynstallearre en der binne allegear nije Europeeske subsydzjes op kommendewei. Op it stuit binne der mooglikheden om ynfloed út te oefenjen en wy hawwe murken dat de nije kommisje wol mei ús prate en gearwurkje wol.”

Vincze en De Boer brochten net allinne in besite oan de deputearre, se wiene ek te gast by de Ried fan de Fryske Beweging en by de Fryske Akademy. Dy hat in ynternasjonale ôfdieling, ûndersykssintrum Mercator, dêr’t FUEN ek graach mei oparbeidzje wol. De meiwurkers fan Mercator hawwe in grut dossier oanlein oer it ûnderwiis yn minderheidstalen yn Europa. Foar de fertsjintwurdigers fan FUEN is dat tige nijsjirrich.

boppe: de hearen Vincze en De Boer op besite by de Ried fan de Fryske Beweging.  Lofts: fice-foarsitter Vincze fûstket mei deputearre De Vries. Rjochts: de FUEN-manlju by de Fryske Akademy.

Boppe: de hearen Vincze en De Boer mei Geart Benedictus en Pier Bergsma fan de Ried fan de Fryske Beweging.
Loftsûnder: fice-foarsitter Vincze fûstket mei deputearre De Vries.
Rjochtsûnder: de FUEN-manlju by de Fryske Akademy.

jannewaris 12, 2015 18:34
Skriuw in reaksje

1 opmerking

  1. Tom Dykstra jannewaris 14, 15:18

    De provinsje hat yn de lêste wetswiziging gjin foech oer it ûnderwiis yn it Frysk krige. De provinsje mei útstellen foar kearndoelen Frysk dwaan en De Haach giet wol of net akkoart en hâldt dus de einbeslissing.
    Der binne boppedat troch de provinsje wol bettere aksjes foar it ûnderwiis yn it Frysk te dwaan. In losse kearndoelediskusje liedt ta neat. Hiel aktueel is oft de provinsje goed materiaal ûntwikkelje lit foar de trijetalige skoalle. Yn it ramt fan translanguaging is ferlet fan lesmateriaal, dat yn de trije talen beskikber is. Dogge wy dat net, dan nimt it ynterferinsjeprobleem allinne mar ta, omdat it materiaal net meartalich beskikber is en de learkrêften troch de bank it Frysk ûnfoldwaande behearskje.

Sjoch opmerkingen

Skriuw in reaksje

Jo mailadres wurdt net sichtber foar oare besikers fan dit webstee.
As der in stjerke by in hokje stiet, moatte jo dêr wat ynfiere.*