‘Bijefergiffen’ wurde ferbean

freed 3 maaie 2013

De Europeeske Kommisje ferbiedt tydlik it brûken fan in tal bestridingsmiddels dy’t fertocht wurde fan skealikens foar bijen. De neonikotinoïden clothianidin, imidacloprid and thiametoxam meie net mear tapast wurde op planten dy’t oantreklik binne foar bijen. It ferbod giet 1 desimber yn en sil ynearsten twa jier duorje; dêrnei wurdt it op ‘e nij besjoen. It kealle swier mei it nimmen fan dat beslút: 15 lidsteaten stimden fan ‘e wike foar in ferbod, mar 8 wienen tsjin mei 4 ûnthâldings en dat betsjutte neffens de proseduere te min ienriedigens. Nederlân hearde by de foarstimmers en Dútslân allyksa, alhoewol’t produsint Bayer dêr tahâldt. It Feriene Keninkryk stimde tsjin, hoewol’t it Ingelske parlemint foar wie. Neffens Greenpeace lit it Britsk regear de earen hingje nei de yndústry. By in eardere stimming wie der ek al gjin kwalifisearre mearderheid fûn. Om’t de lidsteaten sadwaande net ta in akkoart komme koenen, kediist de Kommisje no oer de kwestje.

629px-Creation-Via-PollinationMieke Hoogendoorn fan Bayer yn Mijdrecht bestried tsjin it ANP oer net dat de bestridingmiddels fergiftich binne foar bijen. “Ast ús middels op in bij spuitest, giet dy dea. Dat, soks moatst net dwaan. Ús middels binne fergiftich, mar by gebrûk neffens foarskrift foarmje se gjin risiko.” Bayer seit noed te hawwen dat der skielk faker spuite wurde moat as neonikotinoïden net mear brûkt wurde meie. Neffens Bayer is it de varroa-myt, dy’t de bijen oermânsk is. Wittenskippers fan de Universiteit fan Utert ha lykwols ek in ferbân fûn tusken te hege konsintraasjes imidacloprid yn oerflaktewetter en it ôftakjen fan it tal ynsekten op en yn dat wetter. Imidacloprid is yn tsien jier tiid útwoeksen ta it meast brûkte ynsektiside yn de wrâld; jierliks wurdt der tweintichtûzen ton fan produsearre. Ûndersiker Jeroen van der Sluijs: “Op  de plakken mei te folle imicacloprid yn it wetter fûnen we yn trochsneed trije kear minder wringeleaze bistkes as yn wetter dat al oan de noarm foldie.” Van der Sluijs fynt dat de EU mei it twajierrige ferbod noch te tuike-oan docht: “Dat fierstente breed wurkjende fergif hat slimme gefolgen foar de ynsekterykdom op ús planeet. We sette aardich wat op it spul foar it hânfol pleachynsekten dêr’t de lânbou mei wrakselet.” Neffens Hoogendoorn fan Bayer komme de te hege konsintraasje yn oerflaktewetter troch loazings út kassen – dy’t ornaris wurkje mei sletten wettersystemen – en dy binne mei suveringsynstallaasjes wol foar te kommen. Kassen binne no just noch frijsteld fan it ferbod.

1 reaksje op “‘Bijefergiffen’ wurde ferbean”


  1. Geeske Krol
    4 maaie 2013 09:15

    Der is twifel oer oft middels as imidacloprid wol de oarsaak binne fan it sterren fan de bijen. Ek oare oarsaken wurde neamd sa as de varaomyt en in temin oan blommen. Mar dat wol net sizze dat it middel net neidielich wurket mei’t de bij minder wjerstân ha soe as it om de varaomyt giet bygl. Fansels sil hjir dúdlikens oer komme moatte. Mar dit middel is wol in senuwgif dat oplosber is wetter en dus útspield nei sleats-en grûnwetter .De bedrigings fan dit soarte middels giet dus folle fierder as de bijen sa as ek al oantoand troch ûndersyk oan de Universiteit fan Utrecht. En dat is net allinne op te lossen mei suveringsynstallaazjes by kassen. Ek by de blommetielt wurde dizze middels massaal brûkt .bgl en spielt it middel út nei it wetter. Dêrom is it in goede saak dat der einliks in tsjinwicht komt tsjinoer de produsinten fan dizze middels en der in ferbod kaam is al is it mar foar twa jier.

Mei mooglik makke troch Ynternetburo Haboes