Wat bedoelt de Omrop mei Noard-Fryslân?

juny 2, 2012 12:55

LJOUWERT – Omrop Fryslân stjoert soms wat betiizgjende berjochten de wrâld yn. Hjoed steane der op de site fan de Omrop twa berjochten oer “Noard-Fryslân”. Men soe ferwachtsje dat beide berjochten oer itselde gebiet geane, mar dat is net it gefal. Yn it iene gefal wurdt mei Noard-Fryslân it gebiet bedoeld dat oeral ûnder dy namme bekend stiet, mar yn it oare gefal wurdt ûnder de titel “Game oer Noard-Fryslân” berjochte oer in kompjûterspultsje oer  it noardlikste stik fan de provinsje Fryslân, it saneamde Westerlauwersk Fryslân.

juny 2, 2012 12:55