Opskuor om boerka yn Brussel

juny 2, 2012 13:53

BRUSSEL – Yn it Brusselske Sint-Jans-Molenbeek is justerjûn in tydlik ferbod op gearboskjen ynsteld, nei’t reboeljemakkers nei it plysjeburo yn ‘e Briefdragersstraat ta setten. Oanlieding wie de arrestaasje fan in frommeske dat in plysjefrou mishannele hie.

It frommeske siet mei in saneamde nikaab oan yn in bushokje. Dat is in stik stof dat de hiele lea bedekt, in fariant op de boerka. It wurdt benammen droegen troch strang islamityske froulju. Sokke klean binne yn it Belzelân ferbean. In pear plysjes fregen de frou om har identiteitsbewiis en se droegen har op om har gesicht frij te meitsjen. It frommeske wegere dat en joech in plysjefrou in kopstjit. Dy rekke dêrby twa tosken kwyt en it noasbonkje waard har brutsen. In oare plysje rekke ek ferwûne en de frou waard úteinlik ûnder fûl ferset arrestearre en nei it plysjeburo ta brocht. Se hold oan de kopstjit in harsenskodding oer en waard nei it sikehûs ta ferfierd en letter wer frijlitten.

Doe hie se al in grut tal minsken mobilisearre, dy’t opteagen nei it plysjeburo om tsjin de arrestaasje te protestearjen. In groep jongelju, lid fan de islamityske organisaasje Sharia4Belgium, besocht om dat te bestoarmjen. De mobile ienheid moast mei kneppels yn aksje komme om it gebou te ûntsetten. Tsien minsken binne arrestearre.

juny 2, 2012 13:53