Online Skotsk Gaelic leare

juny 3, 2012 14:59

De oarspronklike taal fan Skotlân is it Skotsk Gaelic, in taal dy’t besibbe is oan it Iersk. Hjoed de dei praat likernôch 1% fan de Skotten de taal noch, benammen yn it uterste noarden fan Skotlân en op de eilannegroep de Hebriden.

De Britske omrop de BBC hat in online-minykursus Skotsk Gaelic ûntwikkele. Dy stiet no online, ynklusyf in toets om te sjen hoe goed oft men de taal behearsket. De namme fan de kursus is Beag air bheag (“stikje by bytsje”).

Klik hjir om de kursus te besjen.

juny 3, 2012 14:59