Ald-premier: Frankryk hat Flaamsk ferneatige

taalredaksje
Troch taalredaksje juny 11, 2012 15:58

Michel Rocard

Frankryk is it resultaat fan de gewelddiedige ferneatiging fan fiif regionale kultueren. Dat hat de eardere Frânske minister-presidint Michel Rocard yn 2005 tsjin de Amerikaanske ambassadeur yn Frankryk sein, sa docht bliken út in telegram dat op blaaiwebstee WikiLeaks ferskynd is.

Rocard wie premier fan Frankryk fan 1988-1991. No sit er foar de Frânske sosjalistyske PS yn it Europeesk Parlemint. Op 24 oktober 2005 prate er yn dy funksje mei de Amerikaanske ambassadeur Craig Stappleton. Fan dat petear is ferslach lein en dat ferslach is fia WikiLeaks buorkundich wurden. Rocard sei tsjin de Amerikaan: “De skiednis fan oare Europeeske naasjesteaten is ien fan taalgroepen dy’t harren hannelsbelangen feilich stelle woene. Frankryk hat himsels skepen troch fiif kultueren te ferneatigjen – de Bretonske, de Oksitaanske, de Elzassyske, de Korsikaanske en de Flaamske. Wy binne it iennichste folk yn Europa dat ûntstien is troch mei militêr geweld in kultureel ferskate steat te meitsjen. Dat soarget derfoar dat Frankryk sels hjoed de dei noch min te regearjen is. It ferklearret wêrom’t herfoarming yn Frankryk sa dreech geane.”

(Foto: Wikipedia / Rama)

taalredaksje
Troch taalredaksje juny 11, 2012 15:58