Smellingerlân siket gemeentedichter

april 25, 2012 22:11

De gemeente Smellingerlân is foar de kommende twa jier op syk nei in gemeentedichter. Dizze persoan moat by bysûndere gelegenheden gedichten skriuwe en foardrage. De dichter moat de ynwenners fan Smellingerlân mei oare eagen nei it deistich libben sjen litte.

It hoecht net perfoarst in profesjonele dichter te wêzen, mar hy of sy moat wol yn Smellingerlân wenje en boppe de 18 wêze. De dichter kin sa’n 150 euro foar elts fers fertsjinje.

(Boarne: Omrop Fryslân)

april 25, 2012 22:11