Gjin geduld mear!

april 21, 2012 17:47

De Catshûsûnderhannelings binne mislearre. Duldpartner PVV hat him ôfjûn. Geert Wilders (foto) wynt him wei foar it pakket oan besunigingsmaatregels dat op it tafelskleed fan it Catshûs leit. Neffens premier Mark Rutte lizze ferkiezings no foar de hân.

It CDA en de PVV hienen dizze wike yn it suden fan it lân al wakker spul. Yn Limburch hat it CDA de koälysje stroffelje litten. De oanlieding wie it hâlden en dragen fan de PVV foar de Turkske premier oer, dy’t op besite wie. Wilders wie poerrazend en beskuldige it CDA fan ‘âlde regintepolityk’. Yn Seelân kearde it CDA in útstel fan de PPV op om oer de Hedwigepolder in referindum te hâlden. Guon saakkundigen hienen sadwaande al foarsein dat it dit wykein misbeteare soe. It is lykwols dúdlik dat de skuld fan de brek no by Wilders leit. CDA-fraksjefoarsitter en -ûnderhanneler Sybrand van Haersma Buma: “It skip wie al yn de haven en doe hat er it te sink  brocht.” VVD-fraksjefoarsitter Stef Blok wol, foarôfgeand oan ferkiezings, noch besykje yn de Keamer stipe te krijen foar de meast driuwende besunigings. Hy nimt it Wilders bot kwea ôf dat er him no mei de hjoeddeistige ekonomyske swierrichheden ôfjout. “Ûnferantwurde nei de Nederlanners ta.” Hy kin der ek net by, om’t út de sifers fan it Sintraal Planburo no krekt bliken dien hie dat it mei de effekten fan de besunigings just in krom tafoel.  De PvdA liket gearwurking mei it – no echte – minderheidskabinet net folslein ôf te wizen.  Fraksjefoarsitter Diederik Samson: “Wy binne klear foar ferkiezings mar sille yntusken ús ferantwurdlikens nimme foar in soarchfâldige begrutting yn 2013.”

 

april 21, 2012 17:47