Klikklik nei it grutte Wurdboek fan de Fryske Taal

snein 25 maart 2012

De lêzers fan It Nijs witte grif al in skoft dat it Wurdboek fan de Fryske Taal, yn 25 (!) dielen,  klear is. En dat it online stiet. De link dy’t yn it oarspronklike nijsberjocht stie komt  lykwols net fuortdaalks op de side fan it WFT út: der moat noch in kear trochklikt wurde en der moatte wat oare wurdboeken útfinkt wurde. Dêrom is hjir in link dy’t fuortdaalks by it WFT útkomt, en wêr’t oare wurdboeken útfinkt binne.

Boppedat binne der noch in pear dinkjes dy’t de brûker witte moat, ear’t er it WFT brûke kin. Dêrom in lytse hânlieding. Iepenje yn in oar tabblêd de link nei it WFT. Dan sjogge jo dat it WFT oanfinkt is en de oare wurdboeken binne útfinkt:

Typ no njonken “Origineel trefwoord” in Frysk wurd yn, gewoan yn de moderne stavering. Bygelyks it wurd “knoarre”, en klik op “Start zoeken”. Ta jo fernuvering krije jo no inkeld in rigeltsje tekst te sjen. No moatte jo op “knoarre” klikke, ûnder it kopke “Origineel trefwoord”. :

No  krije jo wat mear te sjen, mar it bliuwt meager:

Sjoch no ris goed nei de balke mei de wurden:””Toon ook: subbetekenissen | citaten”, mei twa fakjes dy’t útfinkt binne:

Fink dy twa fakjes oan:

En fuortdaalks jout it WFT syn wiere skatten bleat! Jo krije no de folsleine tekst oer it lemma “knoarre”, mei alle prachtige sitaten dy’t de wurdboekmakkers oer de jierren sammele ha:

Enjoy!
Eric Hoekstra, Fryske Akademy

 

 

 

 

 

3 reaksjes op “Klikklik nei it grutte Wurdboek fan de Fryske Taal”


  1. wirbel
    29 maart 2012 11:13

    Dat is wat omslachtig, ek fral omdat it in Nederlanske side is.
    Google translate soe ek ris mei Frysk komme moatte!
    En ek de Fryske ferzje fan Google soe yn de Nederlânske ferzje drekst as link stean moatte, lykas de optie ‘Syke frysktalige resultaten’.

    Hjir is ek in Frysk wurdboek dat oerset nei ferskate oare talen:
    http://nl.glosbe.com/fy/nl/

    is noch net optimaal, mar wol in begjin…


  2. Eric
    29 maart 2012 17:03

    Ja, Wirbel, it is yndie wat omslachtich en de side soe yndie yn it Frysk moatte. Dat moatte wy as Fryske Aka it INL (Instituut Nederlandse Lexicologie) marris freegje.

    In fraach: hoe kriget men in hyperlink yn in kommentaar by in artikel op It Nijs? Moatte je dan ynlogge as auteur fan It Nijs? Of is dêr in trúkje foar?


  3. Sjoukje Greydanus
    17 april 2012 11:27

    Eric,

    Kopiearje de hyperlink en plak him hjir del.

    Bygelyks: http://www.itnijs.nl/2012/03/klikklik-nei-it-grutte-wurdboek-fan-de-fryske-taal/

    Groetnis

Mei mooglik makke troch Ynternetburo Haboes