Ienriedich de fiedingskrisis te liif

Nanne
Troch Nanne oktober 8, 2011 00:01

Troch Pieter den Hollander

Winliken hie ik gewoan fierder gean wollen wêr’t ik de foarrige kear bleaun wie, mar der kamen my in pear nijsgjirrige rapporten oer it mad, dy’t ik efkes op it aljemint bringe wol. Dêrom diskear in yntermezzo.

De Rabobank hat yn Washington in rapport publisearre dêr’t yn foarsein wurdt dat we in tiidrek temjitte gean fan krapte, hegere prizen, tanimmende koersskommelings en de needsaak om yn in globalisearre wrâld nije standerts op te bouwen yn agraryske hannel en yndustry. De foarsitter fan de Rabodireksje docht mei klam in berop op boeren en elkenien dy’t op ien of oare wize mei de agraryske sektor te krijen hat om fuortendaliks prikken yn it wurk te stellen. Mei elkoar, net allinnich ynlâns mar ek ynternasjonaal, moat ienriedich optein wurde om de grutte útdaging dy’t de foarseine fiedingskrapte meibringt oan te gean.

Tagelyk ferskynde der in rapport fan de ynternasjonale organisaasje CGIAR, dêr’t sechtich steaten lid fan binne, mei in tige positive analyze fan de mooglikheden agraryske produksje yn de bekkens fan 10 grutte rivieren yn de wrâld te wêzenjen. Dêrby wurdt tocht oan de Nyl en de Folta yn Afrika, mar ek oan oare rivieren yn Azië en Súd-Amearika, dêr’t no noch ôfgryslike batsen wetter ûnbenuttige weiwurde. Bygelyks yn it streamgebiet fan de Mekong, dêr’t lannen lykas Kambodja, Laos, Tailân en Fjetnam yn lizze, leit in geweldich potinsjeel.

Yn de delten fan de 1750 km lange rivier de Limpopo, dy’t har spriede oer Súd-Afrika, Botswana, Zymbabwe en Mozambyk en 415.000 kante kilometer omfiemje, binne de mooglikheden foar agraryske ûntjouwings hast net te befiemjen.

Mar likegoed op oare plakken kinne grutte reservoirs oanlein wurde om reinwetter op te heinen en te distribuearjen en dêrmei de agraryske produksje oan te kneppeljen. Stúdzjes wize derop dat skielk in twa- of trijefâldiging fan de fiedingsproduksje mooglik wêze moatte kinne soe. It is allegearre te rêden om wettermanagement; de spesjaliteit fan ús prins Willem-Alexander. Om soks allegearre mooglik te meitsjen is, rekken hâldend mei klimaatferoaring en alles dat dêr mei gearhinget, in ienriedich oparbeidzjen fanneden fan steaten, ngo’s (= organisaasjes dy’t net oan oerheden bûn binne; It Nijs), FAO (= de fiedings- en lânbou-organisaasje fan de Feriene Naasjes; It Nijs), agraryske hannel- en yndustry, technologyske ûndersykynstellings, ensafuorthinne.

Oant safier dit yntermezzo oer wat nijsgjirrichheden dy’t ik de Nijslêzer net ûnthâlde woe. Foar de oare kear bin ik fan doel wer fierder te gean op it punt dêr’t ik de lêste kear bleaun wie.

De ynstjoerder fan dit troch It Nijs oersette artikel, Pieter den Hollander senior, wie yn syn wurksume libben ûnder mear direkteur fan mingfoerprodusint Koudijs-Wouda, mei ûnder oaren in fabryk yn Snits. Den Hollander syn eardere ynstjoerings binne pleatst op 6, 11 en 20 septimber.

Nanne
Troch Nanne oktober 8, 2011 00:01