Google-offensyf tsjin Apple

oktober 20, 2011 07:44

HONGKONG – Google en Samsung hawwe in nije mobile telefoan mei in folslein nij bestjoeringssysteem makke: De Galaxy Nexus mei Android 4.0. It apparaat hat allegear nije mooglikheden dy’t men fan in iPhone 5 ferwachtsje soe.

De saneamde ”smartphone” waard woansdei yn Hongkong presintearre. De presintaasje soe 11 oktober yn San Diego wêze, mar troch it ferstjerren fan Apple-baas Steve Jobs koe dy presintaasje net mear plakfine.

It byldskerm fan it tastel is diagonaal 11,8 sintimeter grut en dêrmei grutter as de tastellen fan de konkurrinten. De werjefte is mei 1280 x 720 piksels bysûnder, want dat is 50 persint mear as de romrofte Retina-byldskermen fan de iPhone4 en 4S. It apparaatsje is tinner as de telefoans fan Apple, mar troch it gruttere bylskerm wol langer en breder. It apparaat draait op in 1,2 GHz prosessor mei 1 GB wurkûnthâld. Foar it gewoane ûnthâld fan de telefoan binne lytse kaarten fan 16 en 32 GB te krijen. Fierders hat it apparaat Bluetooth 3.0, in superflugge W-Lan ferbining en twa kamera’s.

oktober 20, 2011 07:44