Friezen mei diske yn Berlyn

augustus 20, 2011 17:10

BERLYN – It Dútske ministearje fan Ynlânske Saken hâldt dit wykein yn Berlyn iepen hûs. Sawol Friezen út it Sealterlân as Friezen út Noard-Fryslân sille beide mei in diske yn it ministearje stean, om de besikers fan de iepen dei ynformaasje oer de Friezen te jaan. Njonken de Friezen út it Sealterlân en Noard-Fryslân binne de Denen út Sleeswyk-Holstein, de Sinty en Roma en teffens de Sorben fertsjintwurdige. It ministearje is ferantwurdlik foar de beskerming fan nasjonale minderheden. De ynformaasje dy’t de minderheden jouwe hat mei harren skiednis te krijen. Fierders jouwe se ynljochtings oer it wurk fan harren organisaasjes. It iepen hûs fan it ministearje is op sneon 20 en snein 21 augustus fan 10:00 oant 18:00 oere.

augustus 20, 2011 17:10